Drint: "Lit Lusanne gean"

© Omrop Fryslân
De Drint dy't in goede kunde is fan de ûntfierder fan Lusanne van der Gun, hat him oerhelle it famke gean te litten. De man wennet yn Tweede Exloërmond en wol anonym bliuwe. De fertochte hat fiif moanne lyn noch dowen fan de Drint kocht.
Op de dei dat de 63-jierrige fertochte oanhâlden waard, hat de plysje de wente fan de Drint trochsocht. Dêrby binne ûnder mear eigendomsbewizen fan dowen meinommen.