ICT-ûnderwiis kin net mear út

12 sep 2003 - 00:00

It ICT-ûnderwiis op basisskoallen mei minder as 200 bern kin aanst net mear út. Benammen skoallen op it plattelân hawwe it dreech, om't in part fan de ynternetfergoeding fan it ministearje per learling útkeard wurdt.

Yn Tytjerksteradiel hawwe mar fjouwer fan de 27 skoallen genôch learlingen om de kosten te dekken. Mar dan moat der wol besunige wurde op ûnderhâld en ferfanging. De noarm fan 1 kompjûter per 10 learlingen wurdt dan net helle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)