Famke ferwûne by oanriding

11 sep 2003 - 00:00

In 14-jierrich famke út Wynjewâld is tongersdeitemoarn ferwûne rekke by in oanriding yn Lippenhuzen. It famke fytste oer de stoepe op de Buorren en soe de dyk oerstekke.

In 53-jierrige automobiliste út De Gordyk kaam krekt oanriden en koe it famke net mear ûntwike. It famke is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)