Lanlik 500 banen fuort by BAM

© Omrop Fryslân
By boubedriuw BAM krije dit jier 500 boufakkers dien. De ûntslaggen binne it direkte gefolch fan de minne ekonomyske omstannichheden yn de bousektor. Sa'n 250 minsken hawwe al dien krigen, de rest folget letter.
BAM hat yn Fryslân festigingen yn Wolvegea en Ljouwert. Oft dêr ek banen ferdwine sille is noch net bekend, sa lit in wurdfierder fan it boubedriuw wite.