Oostergo: 400 útpleatsings

11 sep 2003 - 00:00

Hûnderten meiwurkers fan de sosjale wurkfoarsjenning Oostergo Dokkum moatte in oare baan sykje. It bedriuw hâldt op mei de produksje-ôfdielings lykas grienoanlis, ynpakwurk en de ferwuking fan hout en metaal.

Fan 2004 ôf wurde gjin nije minsken mear oannommen. Binnen 4 jier wol de Oostergo-direksje foar alle 400 meiwurkers in baan regelje by bedriuwen en ynstellings yn Noardeast-Fryslân. It personiel is kjel wurden fan it nijs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)