Snits fjouwerkant achter Bolwurk

11 sep 2003 - 00:00

De gemeente Snits wol dat de Rykssubsydzje foar It Bolwurk bestean bliuwt. It muzykpoadium krijt alle jierren in talage, mar yn 2005 feroaret de wize wêrop't it jild takend wurdt. Mooglik giet de jildkraan dan ticht.

It Nationaal Pop Instituut hat in manifest oanbean oan steatssekretaris Van der Laan fan Kultuer. Dêryn wurdt frege om de âlde wize fan subsidiearjen bestean te litten. De gemeente Snits stipet it manifest.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)