'Bonifatiusplan net ûnderboud'

11 sep 2003 - 00:00

De finansiering fan it Bonifatiusprojekt yn Dokkum is yn gefaar. De provinsje fynt de subsydzje- oanfraach fan 'e gemeente Dongeradiel op ferskate punten te meager.

Dongeradiel wol it museum, de merk, it streekargyf, de biblioteek, it Bonifatiuspark en de Bonifatiuskapel yn Dokkum opknappe. De gemeente hopet dat dat it toerisme en de rekreaasje yn it gebiet stipet. It projekt kostet 9,4 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)