Earste peal gemeentehûs Menaam

11 sep 2003 - 00:00

Yn Menaam is woansdei de earste peal slein foar it nije gemeentehûs fan Menameradiel. Tsien jier lang hawwe de amtners yn in te krappe needbehuzing sitten. It nije gemeentehûs moat oer in jier klear wêze en mei net mear kostje as 5 miljoen euro. Yn it ûntwerp is rekken hâlden mei in oare bestemming as de gemeente by in gemeentelike weryndieling yn 'e takomst ophâldt te bestean. Dat is op dit stuit lykwols noch net oan 'e oarder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)