Slachter stjonkt tefolle

11 sep 2003 - 00:00

Grutslachterij Feenstra yn Wolvegea stjonkt tefolle, alteast dat fine buertbewenners. It slachtôffal bliuwt sa lang bûtendoar lizzen dat de stank net te hurdzjen is. Yn 'e tún sitte kin inkeld mei in gasmasker op, seit in buertbewenster.

De buert hat al by de gemeente Weststellingwerf protest oantekene. De gemeente jout no de slachterij twa wike de tiid om maatregels te nimmen, oars folgje boetes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)