Gouden tip earst neat mei dien

© Omrop Fryslân
De gouden tip yn de saak Lusanne is pas yn twadde ynstânsje op it goede plak telâne kommen. Sa skriuwt De Nieuwe Ooststellingwerver. De tipjouwer hie it kenteken fan de fertochte al earder, op woansdei, jûn oan de plysje yn Grins.
De plysje Grins joech de tip net troch oan it opspoaringsteam. Nei in útstjoering op tillevyzje melde de tipjouwer him nochris. De tipjouwer hie de fertochte auto sjoen by Stadskanaal en sels in skoft folge.