Plan foar strân by Harns

10 sep 2003 - 00:00

Kampinghâlder Hilarides fan Peinjum wol in sânstrân fan sân kilometer tusken Harns en Surch. Goed foar it toerisme en de wurkgelegenheid, neffens Hilarides en twa kompanen.

De trije inisjatyfnimmers binne der fan oertsjûge dat it plan kâns fan slagjen hat. Binnen fiif jier soe de 'Costa de Robles' der lizze kinne, mei op topdagen tsientûzenen besikers. Wat it plan kostje moat, is net berekkene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)