Deade by brân yn Berltsum

10 sep 2003 - 00:00

By in brân yn in hûs oan de Molenstrjitte yn Berltsum is woansdeitemoarn de 89-jierrige bewenner om it libben kommen. De brânwacht koe de man gau út it hûs helje. De man waard noch reanimeard, mar stoar letter yn it sikehûs.

Nei alle gedachten is de brân ûntstien troch koartsluting yn in elektryske tekken. De brân waard ûntdutsen troch in meiwurker fan de thússoarch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)