Gaslek yn Ljouwerter flat

10 sep 2003 - 00:00

Enerzjybedriuw Essent hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei in gaslek tichtmeitsje moatten yn in flat oan De Bird yn Ljouwert. It lek waard ûntdutsen troch bewenners fan de flat, dy't in gaslucht rûkten.

Se warskôgen dêrop de plysje en brânwacht. Dy ha meiholpen om it lek ticht te meitsjen. De flat waard net ûntromme. Dat barde ôfrûne wykein wol yn in flat yn Snits, nei't dêr in gaslek fûn wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)