Skipswerf bout kontenerskippen

© Omrop Fryslân
It bedriuw JR Shipping út Harns hat trije nije kontenerskippen besteld. It is in oarder fan 46 miljoen euro. It bedriuw is spesjalisearre yn it oerladen fan konteners. JR Shipping fiert dit jier it tsienjierrich jubileum.
Ferline jier waarden ek al trije nije skippen oanskaft. De skippen wurde boud troch Volharding Shipyards yn Roemenië. Beide bedriuwen wurkje al in pear jier nau mei elkoar gear.