Wer fraude by sosjale tsjinst

10 sep 2003 - 00:00

Ljouwert hat op 'e nij in ûndersyk ynsteld nei in meiwurker fan de ôfdieling Sosjale Saken. De 47-jierrige man wurdt der fan fertocht gemeentlik jild brûkt te hawwen foar priveedoelen.

De fertinking is oan it ljocht kaam troch strangere kontrôle. Dy waard ynsteld nei't earder dit jier in 23-jierrige meiwurker fraudearre. Nei de 47-jierrige meiwurker wurdt fierder ûndersyk dien. Oant dy tiid is er skorst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)