Man beswangert famke twarris

09 sep 2003 - 00:00

In 33-jierrige Ljouwerter is ta 15 moanne selstraf feroardiele om't hy it dochterke fan syn eks-freondinne twarris swier makke hie. It famke wie mei har trettjinde mem fan twa bern. De Ljouwerter hat it betrouwen fan syn slachtofferke skeind, sa oardiele de rjochter.

Neffens gedrachssaakkundigen is de man bernich, bedoarn en licht ferstanlik handicapt. Nei de selstraf kriget er begelieding fan 'e reklassearring.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)