'Ferslaafden ha romte nedich'

© Omrop Fryslân
Drugsferslaafden yn Ljouwert ha net in romte dêr't se legaal drugs brûke kinne. Se moatte dêrom mar in pân kreakje en ombouwe ta brûkersromte. Dat advisearret it Lanlik Stipepunt Drugsbrûkers. Neffens har duorret de diskusje oer sa'n romte te lang.
It stipepunt hie tiisdei in fergadering mei de ferslaafden. Dêr waard dúdlik dat ek de ferslaafden skjin har nocht ha fan de diskusje oer oft der wol of net in brûkersromte komme moat.