Minder jild foar better berik

© Omrop Fryslân
De bettere berikberheid fan it Ljouwerter sintrum rint fertraging op. Dat komt troch de besunigings dy't it kolleezje trochfiere wol. B en W makken moandei bekend goed fiif miljoen euro besunigje te moatten. Foar it ferkearsplan is ek minder jild.
It plan is in pear moannen lyn mei grutte mearderheid fêststeld. Wethâlder Waanders hat earder tasein sa gau mooglik in oplossing te wollen foar fral it easten fan de binnenstêd.