Hearrenfean wol Barsom slite

09 sep 2003 - 00:00

SC Hearrenfean wol fan kontraktspiler Abgar Barsom ôf. It kontrakt mei de Siryske Sweed wurdt ûntbûn, sa hat de clublieding him witte liten. Oanlieding foar it ûntslach is dat der wol gauris dalje wie tusken de spiler en de technyske stêf.

De 25-jierrige Barsom stie oan 'e ein fan it fuotbalseizoen ta ûnder kontrakt by de Feanster club. Hy hie gjin basisplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)