'Hannel fiert bromfytsen op'

08 sep 2003 - 00:00

De offisjele bromfytshannel makket him op grutte skaal skuldich oan it opfieren fan bromfytsen en skooters. Dat hat foarsitter Biemolt fan 3VO moandei sein yn it programma Brekking.

Ferkearsoganisaasje 3VO komt dêrom mei in grutte aksje om de bromfytshannel oan te pakken. Ek skoallen en doarpen wurde ynskeakele om de feiligens op strjitte te fergrutsjen. It projekt begjint yn Noardeast-Fryslân. By súkses kin it in lanlik projekt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)