Flyers rêden mei liening

© Omrop Fryslân
De stifting Freoneklub Thialf hat de iishockeyklub Formido Flyers út de brân holpen mei in liening. Omdat iisstadion Thialf in skuld hat fan 14 miljoen euro, hie it stadion oars gjin iisflier oanlizze yn de iishockeyhal.
Moandei begjinne de trainingen fan de Flyers. As de klub gjin liening krigen hie, hie Formido Flyers net oan de kompetysje meidwaan kind. Oer Thialf komt nei alle gedachten nije wike moandei ek mear dúdlikheid.