Kattehaters yn Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
Yn Bûtenpost is nei alle gedachten in kattemepper dwaande. Yn de wyk Molenerf binnen yn in healjier tiid binne seis deade katten fûn. Buertbewenners tinke dat de bisten fergiftige binne mei anty-fries.
Yn Koatstertille is ek in kattehater. Twa bisten binne yn de ôfrûne moanne besketten. Ien kat is dea gien. Foar de gouden tip dy't nei de dieder liedt, is in beleanning fan 500 euro beskikber steld.