Partoer Berkepas wint yn Penjum

© Omrop Fryslân
It partoer fan Klaas Berkepas mei Dirk Jan van der Woud en Daniël Iseger hat snein it keatsen wûn yn Penjum. Yn de frije formaasje keatsten se yn de finale tsjin it partoer fan Pieter van Tuinen mei Chris Wassenaar en André Kuipers. De sifers: 5-2 en 6-4.
Van Tuinen en-dy ha 40 oerwinningen op har namme te stean. It rekord fan 41 fan Piet Jetse Faber en-dy kinne se inkeld benei komme om't der noch mar ien wedstriid yn de frije formaasje is.