Ferlies foar De Jouwer

© Omrop Fryslân
De Jouwer hat snein mei 0-1 de earste thúswedstriid ferlern. De Jousters spilen tsjin Koninklijke UD út Deventer. De Friezen wienen ferline wike goed begûn yn de haadklasse C fan it sneinsamateurfuotbal. Doe wûnen se mei 3-1 fan en yn Babberich.
De Jouwer spile oars better as de Dimters en hie eins winne moatten. Trochdat Dick Schuurman in tal mooglikheden miste, gie de winst nei de tsjinstanners.