Wurk fan Keunstbende yn museum

© Omrop Fryslân
It Coopmanshûs yn Frjentsjer lit wurk sjen fan jonge keunstners. It giet om Else Feikje van den Berg, Rashidah Simon en de 'woensdagschilders' (mei trije leden). It binne de Fryske priiswinners fan de Keunstbende. Tema fan de lanlike keunstwedstriid foar jongeren wie dit jier 'takomst'.
It wurk fan de nûmers 1, 2 en 3 yn de kategoary 'ekspo' is oant en mei 19 oktober op de souder fan it museum te bewûnderjen.