Ferwûne oan de holle

07 sep 2003 - 00:00

In man (73) út Harns is sneon ferwûne rekke oan de holle. Hy siet op in rûnfeartboat mei in skipper út Winaam. By de Franekerpoortsbrêge woe de passazjier sjen oft de boat derûnder troch koe. Dêrby knalde er mei de holle tsjin in dwersbalke dy't oan de ûnderkant fan de brêge sit.

It slachtoffer is mei de sikewein oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)