Oerlêst yn Akkrum

07 sep 2003 - 00:00

De plysje hat sneontemoarn in man (42) út Akkrum oanhâlden. Der wie in melding fan oerlêst oan de Koarte Miente troch in bewenner (52) dien. Hy hie in klap heard en seach dat it rút fan de doar fan syn skuorre stikken wie.

Doe't er dêrnei syn buorman dêrop oanspruts, begûn dy mei bierfleskes te smiten. De plysje hat de fertochte mei nei it buro nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)