Mishanneling yn Drachten

© Omrop Fryslân
In Drachtster (33) is sneontemoarn op de Súdkade oanhâlden. De plysje seach dat de fertochte in oare Drachtster (23) op it gesicht sloech. It slachtoffer blette en sakke yn elkoar. Dêrnei kaam er oerein en begûn tsjin in omstanner te razen.
De plysje frege it slachtoffer fuort te gean, mar dat die er net. Hy is doe ek oanhâlden. De oarsaak fan de rûzje is net bekend.