Demonstraasje rint út 'e hân

06 sep 2003 - 00:00

In demonstraasje tsjin de kokkelfiskerij is sneon út de hân rûn. De protestaksje waard hâlden by de Dei fan de Garnaal yn Lauwerseach. In groep aksjefierders fan de Stichting Wilde Kokkels waard mei hurde hân troch fiskers fan it terrein stjoerd.

De aksjefierders woene in petysje jaan oan fertsjintwurdigers fan it garnaal- ferwurkjend bedriuw Heiploech, dat ek op grutte skaal yn kokkels hannelet. Dat soene se te provosearjend dien ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)