Winst Harkema net fertsjinne

06 sep 2003 - 00:00

Yn de haadklasse C fan it sneonsfuotbal hat Harkemase Boys sneon mei 3-0 fan WHC wûn. De oerwinning wie net te tankjen oan it goede fuotbal fan de Harekieten, want dy spilen min. Yn de earste helte waard Harkema folslein fuortspile. Keeper Anthoon Elsinga hat de ploech troch de wedstryd skuord en koe tsjindoelpunten foarkomme.

Doelpuntemakkers wiene Menno Reinders, dy't earder foar Cambuur-2 spile, Ludsen Hoogenberg en Tony Alberda.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)