Fiskers hâlde "Dei fan Garnaal"

© Omrop Fryslân
Yn de haven fan Lauwerseach wie it sneon de "Dei fan de Garnaal". Trije jier lyn wie der ek al ris in iepen dei, mar troch de resessy ferwettere dat. Mei de problemen yn de fiskerij wol de sektor it publyk sjen litte wat garnalefiskerij ynhâldt. Ek waard der in rekordpoging dien foar grutste garnalecocktail.
Min nijs foar de fiskers is dat de NMa fêsthâldt oan de boete. Op 12 septimber praat it Europees Parlemint dêroer.