Grutte rampoefening brânwacht

© Omrop Fryslân
De Regionale Brânwacht Fryslân hat sneon massaal oefene op it militêre oefenterrein Marnehuizen by de Marnewaard. Hast tritich brânwacht- auto's en in lytse twahûndert brânwachtminsken hawwe aktyf meidien oan de jierlykse oefening, dy't om 8.00 oere moarns al begûn.
De operaasje begûn mei in kolonne fan alle brânwachtauto's. Dêrnei waard der in ramp mei ynstoartende huzen en ferwûne minsken simulearre.