Oandielen Thialf wer ferkocht

© Omrop Fryslân
Anton Zeilstra fan Aldtsjerk, de eigner fan Thialf, wol syn oandielen nije wike oerdwaan oan in Dútske belizzingsgroep. Zeilstra is op 't stuit yn Dútslân om de transaksje ta te rieden. Zeilstra wol fan 'e oandielen ôf omdat er gjin kontakt krije koe mei stifting Thialf, dy't it iisstadion eksploitearret.
Zeilstra kocht Thialf fjouwer wike lyn fan Joop van Bekkum. Hy sil de oandielen no tiisdei yn Hannover ferkeapje oan in Dúts bedriuw.