Skjinne strannen op 'e eilannen

06 sep 2003 - 00:00

De strannen fan Skylge, Skiermûntseach en It Amelân hearre by de fjouwer skjinste strannen fan Nederlân. Allinnich it strân fan 'e gemeente Veere yn Seelân soe noch skjinner wêze. Dit docht bliken út in ûndersyk fan 'e stifting Nederland Schoon en de ANWB.

Ut it ûndersyk komt fierder nei foaren dat 84 % fan 'e strannen goed skjin is. Skylge, it Amelân en Skiermûntseach meie no de blauwe flagge ophingje om sjen te litten dat it der skjin is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)