'Boete garnalefiskers bliuwt'

06 sep 2003 - 00:00

De NMa hâldt fêst oan de boete fan 13,8 miljoen euro foar de garnalesektor. De fiskers moatte 1,8 miljoen betelje. De Nederlandse Mededingingsautoriteit hat dy boete earder oplein omdat fiskers en hannel ôfspraken makke hiene oer minimumprizen. Troch dizze priis- en fangôfspraken hoegde der net saneard te wurden. De NMa is lykwols fan miening dat der oerkapasiteit is.

It bedriuw Heiploeg protestearre sneon yn Lauwerseach tsjin de boete fan NMa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)