FC Dordrecht - Cambuur 3 - 0

06 sep 2003 - 00:00

Cambuur wachtet noch hieltiten op de earste oerwinning fan it seizoen. Yn Dordrecht ferlearen de Ljouwerters freed mei 3-0. Van der Heijden skoarde foar rêst 1-0. Nei de rêst kaam Cambuur mei in aardich offensyf. Jan Bruin wie tichtbij de 1-1 mar syn kopbal rekke de latte. De goal foel doe troch in snelle counter fan El Khalifi oan de oare kant. Onyeike skoarde letter 3-0. "We fuotbalje noch te folle tsjin ús sels", sei Jan Bruin nei ôfrin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)