Justysje priizget tipjouwers

05 sep 2003 - 00:00

Haadoffisier fan justysje Den Hollander toande him op de parsekonferinsje oer de saak Lusanne tige wiis mei alle tips. "De meiwurking fan it publyk wie yn dizze saak fan grut belang."

Den Holllander tanke alle tipjouwers en rôp op om ek yn de takomst meiwurking te jaan. "Dizze saak bewiist de wearde fan de meiwurking fan it publyk," sei de haadoffisier. Ek it ferhaal fan Lusanne sels wie tige weardefol, om't dat wer ta tal fan tips liede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)