Minder winst Friesland Coberco

© Omrop Fryslân
Suvelkonsern Friesland Coberco hat de earste seis moannen fan dit jier minder winst helle. De winst kaam út op 32 miljoen euro, dat is njoggen persint minder as in jier lyn. De omset rûn mei fjouwer persint werom oant 2,3 miljard euro.
Foar hiel 2003 giet Friesland Coberco út fan in legere winst. De legere omset wurdt benammen feroarsake troch de sterke euro. Yn West-Europa jouwe konsuminten minder út.