Leden FPS: ferkeap giet troch

© Omrop Fryslân
De ferkeap fan it Frysk Hynstesintrum yn Drachten oan ûndernimmer Boomsma giet troch. Dat ha mear as tûzen leden fan de feriening 'Fries Paarden Stamboek' besluten. Boomsma sil mooglik de Betheltsjerke nij ûnderdak biede.
It Fries Paarden Stamboek kaam yn swier waar om't der te folle jild stutsen wie yn it no fallite hynstesintrum. Mei de ferkeap is de stichting der noch net boppe-op, mar der kin wol wer jild fertsjinne wurde.