Njoggen doarpkes yn Zuidlanden

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert is fan doel yn it wenplan Zuidlanden njoggen lytse doarpkes te bouwen. De buertskippen krije in Frysk karakter.
Techum, by Goutum, is no noch in terp mei in pleats derop, mar dat sil feroarje. It leit midden yn Zuidlanden dêr't de kommende 20 jier 6500 wenten boud wurde sille. Techum wurdt it earste doarpke mei 250 wenten. De pleats en de terp wurde yn it doarpke opnommen. Yn 2006 set de bou útein.