Ynspeksje kin net yngripe

© Omrop Fryslân
De ûnderwiisynspeksje hat gjin foech om yn te gripen op skoallen as der te min taal of rekkenjen jûn wurdt. Tongersdei waard bekend dat de Fryske skoalbern yn it basisûnderwiis mar 154 oeren rekkenjen krijt. Dat leit tritich oeren ûnder it lanlik gemiddelde. Boppedat dogge de masters en juffen it ek net sa goed.
Underwiisynspekteur De Jong wie op de hichte fan de situaasje, mar kin neat oars dwaan as advisearje.