Jong Hearrenfean wint fan Twente

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat tongersdeitejûn de earste wedstryd fan de kompetysje mei 1-0 wûn fan jong FC Twente. Mark Jan Fledderus makke yn de tsiende minút fan de twadde helte it winnende doelpunt.
It belofteteam fan SC Heerenveen waard yn it ôfrûne seizoen kampioen fan Nederlân. Moandei ferlear it team foar de Amstel Cup mei 3-1 fan earedivisionist AZ.