Hurdfytsen: Weening en Groenveld

© Omrop Fryslân
Josephine Groenveld fan Folsgeare waard tongersdei tredde yn de fjirde etappe fan de Holland Ladies Tour. De Dútske Ina Teutenberg en Chantal Beltman wiene krekt rapper yn de einsprint.
Pieter Weening fan De Harkema waard 56ste yn de tiidrit oer 10,7 kilometer yn de Tour de l'Avenir. De oerwinning yn dizze iepening fan de Ronde fan de Takomst fan Frankryk wie foar de Brit Bradley Wiggens. Weening hie in achterstân fan 55 tellen op Wiggens.