ROF benaud foar mear ûngemakken

04 sep 2003 - 00:00

De ferdûbeling fan de Wâldwei duorret te lang. It regionaal orgaan ferkearsfeiligens, it ROF, is dêrom benaud foar mear deadlike ûngemakken op dy dyk. De ferdûbeling duorret sa lang om't der keazen is foar in gearwurking tusken de oerheid en bedriuwen.

Neffens wurdfierder Van der Meulen fan it ROF hat dy kar de ferkearde west. Hy seit dat de dyk der al lang lizze moatten hie en dan hie it deadlike ûngemak fan tongersdei faaks net bard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)