Sikma wint Sudersee-triatlon

© Omrop Fryslân
Henk Sikma fan De Westerein hat woansdei de 16de Sudersee-triatlon fan De Lemmer op syn namme skreaun. Sikma siet begjin ôf oan op kop. By de ôfslutende fiif kilometer hurdrinnen rûn er Fré Adema fan Oranjewâld der út. Stefan van der Pal fan Ljouwert waard tredde.
By de froulju wûn Bianca Duursma. Ek sy naam ôfstân by it hurdrinnen. Sandra Hettinga fan Grins waard twadde, Marije Siemensma fan Wikel waard tredde.