Froulike priester foar Noarden

04 sep 2003 - 00:00

Mei de 53-jierrige Annemieke Duurkoop krije Fryslân, Grinslân en Drinte de earste froulike priester. Sy wurdt op 13 septimber ta diaken wijd, en ein dit jier is har priesterwijing.

Duurkoop is pastor fan de âld-katolike parochy fan de Hillige Martinus yn Grins. Dêrûnder falle de trije noardlike provinsjes. Ientredde fan de parochy bestiet út Friezen. Duurkoop is yn Nederlân de tredde frou dy't yn de âld-katolike tsjerke priester wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)