Lusanne mei noch net nei skoalle

© Omrop Fryslân
De plysje hat op 'e nij ferbean dat Lusanne van der Gun nei skoalle giet. Se soe tongersdeitemiddei wer nei de iepenbiere basisskoalle yn Aldeberkeap ta. De plysje ferbiedet dat lykwols yn it belang fan it ûndersyk.
Direkteur Nijboer fan de skoalle hie de klasgenoaten fan Lusanne al ferteld dat se wer komme soe, mar dat wie foar't der oerlis mei de plysje wie. Wannear't Lusanne wol wer nei skoalle kin, is net bekend.