Bommelding by Rabobank

03 sep 2003 - 00:00

De Rabobank yn Ljouwert is woansdeitemiddei ûntromme nei in bommelding. De melding kaam binnen by it callsintrum fan de bank. Twa bomferkenners fan de plysje ha it gebou oan de Stasjonswei trochsocht mar neat fûn.

De plysje hat it fytspaad en de stoepe by de bank ôfset. Auto's koenen noch wol oer de dyk. Nei goed in oere koenen de meiwurkers wer nei binnen ta.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)