Betinktiid foar huzekeapers

© Omrop Fryslân
Huzekeapers hawwe fan dizze wike ôf 3 dagen de tiid om har te betinken oer de oankeap fan in hûs. De betinktiid giet yn nei't it keapkontrakt tekene is. Oant no ta wie in mûnlinge oerienkomst tusken keaper en ferkeaper al rjochtsmjittich en binend.
De nije regel is bedoeld om de keaper wat mear tiid te jaan om oer it keapjen fan in wente nei te tinken. De Feriening fan Makelers yn Fryslân is posityf oer de nije regeling.