Lusanne siet op terras yn Echt

© Omrop Fryslân
Lusanne van der Gun is ferline wike tiisdei om 17.00 oere middeis mei har ûntfierder sjoen op it terras fan frituer De Overweg yn it Limburgse plakje Echt. Dat hawwe twa tsjûgen ferteld.
De plysje Fryslân hat de ynformaasje befestige. Neffens in meiwurker fan de patatsaak hie Lusanne in ferbân om 'e holle en wie ien fan har eagen ôfdutsen. De ûntfierder makke wol in freonlike yndruk.